Actueel

Kommissaris fan de kening Arno Brok: “Hat de famylje Jonker hjir ek wat oan?”


De Fryske Oanpak rint no in tal jierren. Ik sjoch moaie foarbylden fan gearwurking tusken de Fryske oerheden. Benammen yn de tarieding fan de omjouwingswet, mar ek by hieltyd mear oare tema’s.

Doare loslitte

Of wy as oerheden yn Fryslân gearwurkje moatte? Dat is fansels net de fraach. It giet derom hoe’t wy dat dogge. Neffens my giet it benammen om horizontale gearwurking, as ien oerheid. Om mei in groep te wurkjen fanút in opjefte en net fanút de bestjoerslaach wêrsto yn tsjinst bist. Lykweardich njonken elkoar. Yn de praktyk fernim ik dat dit net altyd sa maklik giet. As provinsje moatte wy bygelyks yn gearwurkingsferbân somtiden ûnderdielen doare los te litten. Wylst wy faak krekt ús tasichthâldende rol rjochting gemeenten fêst hâlde wolle. Wannearst as provinsjale bestjoerder of amtner útstraalst datsto ‘it wol efkes útlizze silst oan de gemeente’, is lykweardige gearwurking noch hiel fier fuort. Mar gearwurkje bliuwt minskewurk en bêst spannend. It giet boppe alles om empaty. Net allinnich as amtner, mar ek as minske. Ik fyn wol dat wy de lêste jierren yn lykweardigens nei elkoar tagroeit binne. By de tarieding fan de omjouwingswet binne wy goed dwaande mei dy horizontale gearwurking.

Sûnder ûnderskied

It feangreide fraachstik fyn ik in moai foarbyld fan hoe’t goede gearwurking derút sjen kin. Dêr wurket in groep professionals fan provinsje, gemeenten, Wetterskip en maatskiplike partijen nau mei-inoar. Elkenien docht wat nedich is, los fan de organisaasje dêr’t hja foar wurkje. De ôfstimming mei it Ryk is krekt sa ynrjochte: men stimt ôf mei it Ryk as in groep, sûnder ûnderskied.

Jonker uit Jobbegea

De oerheid is gjin bedriuw. Wy binne der foar ús ynwenners. De rol fan gemeenten wurdt noch wichtiger, ûnder oare troch desintralisaasje fan taken en skaalfergrutting fan gemeenten. By alles wat wy dogge is de wichtichste fraach: wat smyt it op foar de ynwenner fan Fryslân? Dy fragen stelle wy ek by De Fryske Oanpak: ‘hat de famylje Jonker út Jobbegea hjir ek wat oan?’ As it goed is hawwe sy der yn elts gefal gjin lêst fan. Hokker oerheid wat foar harren regelet is foar harren totaal net belangryk. Wat sy wolle fan de oerheid, ek by it oanfreegjen fan in omjouwingsfergunning aanst, is fluch en adekwaat holpen wurde.

Stim fan Fryslân

Foar De Fryske Oanpak, mar ek foar oare foarmen fan gearwurking tusken de Fryske oerheden, sjoch ik noch in hiel soad mooglikheden. Bygelyks op it mêd fan Shared Services kinne wy by ICT-beleid om cyber security noch folle mear mei-inoar oppakke. Der lizze ek kânsen by de pilot digitaal partisipaasjeplatform Stim fan Fryslân. It belang nimt fierder ta as oare oerheden ek oanslúte.

Boppe de partijen, njonken de minsken

As Kommissaris sis ik faak tsjin bestjoerders yn Fryslân: “wês myn minister presidint. Dan bin ik jim  steatssiktaris .” Op in egalitêre wize, fanút de ynhâldlike opjeften gearwurkje. Op in lykweardige en onbaatsuchtige manier, mei in bytsje ‘funksjonele nederichheid’ en empaty. As bestjoerders tusken ús eigen ynwenners stean en tsjinstber binne rjochting dy ynwenners: boppe de partijen en njonken de minsken foar de Fryske saak.

------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

Kommissaris fan de kening Arno Brok: Hat de famylje Jonker hjir ek wat oan?

 

De Friese Aanpak loopt nu een aantal jaren. Ik zie daarbij mooie voorbeelden van samenwerking tussen de Friese overheden. Vooral in de voorbereiding van Omgevingswet, maar ook bij steeds meer andere thema’s.

Durven loslaten

Of we als overheden in Fryslân samen moeten werken? Dat is natuurlijk niet de vraag. Het gaat erom hóe we dat doen. Volgens mij gaat het vooral om horizontale samenwerking, als één overheid. Om vanuit één pool te werken vanuit een opgave en niet vanuit de bestuurslaag waar je in dienst bent. Gelijkwaardig naast elkaar. In de praktijk merk ik dat dit niet altijd zo makkelijk gaat. Als provincie moeten we bijvoorbeeld in samenwerkingsverbanden soms onderdelen durven loslaten. Terwijl we vaak juist onze toezichthoudende rol richting gemeenten vast willen houden. Wanneer je als provinciale bestuurder of ambtenaar uitstraalt dat je ‘het wel even zult uitleggen aan de gemeente’, is egalitaire samenwerking nog heel ver weg. Zo’n houding is funest wanneer we als gelijkwaardige partners willen samenwerken. Maar samenwerken blijft mensenwerk en best spannend. Het gaat boven alles om empathie. Niet alleen als ambtenaar, maar ook als mens. Ik vind wel dat we de laatste jaren in gelijkwaardigheid naar elkaar zijn toegegroeid. Bij de voorbereiding van de omgevingswet zijn we goed bezig met die horizontale samenwerking.

Zonder onderscheid

Veenweide Fryslân vind ik een mooi voorbeeld van hoe goede samenwerking eruit kan zien. Daar werkt een groep professionals van provincie, gemeenten, Wetterskip en maatschappelijke partijen nauw samen. Iedereen doet wat nodig is, los van de organisatie waar ze voor werken. De afstemming met het Rijk is net zo ingericht: men stemt af met het Rijk als één groep, zonder onderscheid.

Jonker út Jobbegea

De overheid is geen bedrijf. Wij zijn er voor onze inwoners. De rol van gemeenten wordt nóg belangrijker, onder andere door decentralisatie van taken en schaalvergroting van gemeenten. Bij alles wat we doen is de belangrijkste vraag: wat levert het op voor de inwoner van Fryslân? Die vragen blijven we stellen, ook bij De Friese Aanpak: ‘hat de famylje Jonker út Jobbegea hjir ek wat oan?’ Als het goed is hebben zij er in elk geval geen last van. Welke overheid iets voor hen regelt is voor hen totaal niet relevant. Wat zij willen van de overheid, ook bij het aanvragen van een omgevingsvergunning straks, is snel en adequaat geholpen worden.

Stim fan Fryslân

Voor De Friese Aanpak, maar ook voor andere vormen van samenwerking tussen de Friese overheden, zie ik nog heel veel mogelijkheden. Bijvoorbeeld op het gebied van Shared Services kunnen wij bij ICT-beleid rond cyber security nog veel meer gezamenlijk oppakken. Er liggen ook kansen om meer samen te werken binnen de pilot digitaal participatieplatform Stim fan Fryslân.  De relevantie neemt toe als andere overheden ook aansluiten.

Boppe de partijen, njonken de minsken

Als Commissaris zeg ik vaak tegen bestuurders in Fryslân: “wês myn minister presidint. Ik soe jo steatssekretaris wêze wolle.  Op een egalitaire manier, vanuit de inhoudelijke opgave samenwerken. Op een niet-competitieve en onbaatzuchtige manier, met een beetje ‘functionele nederigheid’ en empathie. Als bestuurders tussen onze eigen inwoners staan en dienstbaar zijn richting die inwoners: Boppe de partijen en njonken de minsken foar de Fryske saek.

 

Foto: Arie Bruinsma

 Terug naar overzicht

24 januari 2022

Deel dit: